Fryske brouwers bliuwe mei bier sitten troch corona: thús wurdt minder dronken

16 maaie 2020 - 22:00

De kroegen ticht, de terrassen leech en de festivals skrast: it sil gjin ferrassing wêze, mar de bieromset is troch de coronakrisis flink omleech gien. Lokale bierbrouwerijen hawwe it swier en kinne it bier net mear kwyt. En dat der thús mear dronken wurde soe is in yllúzje, jouwe Fryske brouwers oan.

Renze Bil fan Grutte Pier Brouwerij yn Ljouwert lit sjen wat der noch oan bier stiet: "We hebben hier nog 500 volle fusten staan. We zitten nu al twee maanden in de crisis, de horeca is dicht. Anders was het zeker al weer een keer aangevuld. Gelukkig zit er een relatief lange houdbaarheidsdatum op en hopelijk kunnen we over een aantal weken weer los. Dan kunnen we de fusten nog kwijt."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

50 persint minder omset

Bil jout wol oan dat de coronakrisis grutte gefolgen hat foar de omset fan de brouwerij. "Onze omzet is ten opzichte van vorig jaar april zeker met 50 procent gedaald. Dat ligt er echt aan dat de horeca dicht is. Dat merken wij heel erg." De hoareka nimt minder ôf en ek de gruthannel hâldt earst de eigen foarried oan. Dy moat earst op, mar ek dat sil wol lang duorje. "Die hebben een grote hoeveelheid ingekocht begin maart, omdat ze zich hadden klaargemaakt voor april-mei. Die maanden waren vorig jaar top en het leek aanvankelijk dit jaar ook weer die kant op te gaan."

Frans Filius wurket ek by Grutte Pier en jout oan dat der wol plannen lizze om der sa goed as mooglik mei om te gean. "We moeten gewoon rustig blijven. Wij maken Belgische bieren, die zijn goed houdbaar en worden beter als ze even liggen. Maar het zou mooi zijn om ze weer snel weg te brengen als de horeca weer open gaat. De meeste bieren moeten binnen anderhalf jaar worden gedronken. Dus over een half jaar zou het eigenlijk wel weg moeten."

Thús mar in fjirde part oan bier dronken

Gerard Ypenga fan Het Brouwdok yn Harns hat in flinke foarried stean. "Us magazyn sit aardich fol, mar je moatte ek klear wêze as it wer los kin. Dan moatte je leverje kinne. Dus alle stellingen fol, yn getallen: it hâldt net by 30.000 euro op. Us bier is oardel jier hâldber, ik ferwachtsje wol dat it binnen dy tiid op giet. Wy hawwe noch wol wat aksjes mei lokale supermerken en wat online ferkeap. It giet noch wat troch."

Je soene sizze: de hoareka is ticht, dan sil der dochs just mear bier ferkocht wurde yn de supermerken? "Net genôch," seit Ypenga. "Ik tink dat der thús ûngefear in fjirde part dronken wurdt fan wat oars yn de hoareka dronken wurdt." Der is dus gjin sprake fan in soarte kompensaasje.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de brouwerijen

(advertinsje)
(advertinsje)