Kollum: "Rolls Royce-rollator yn It Feen"

16 maaie 2020 - 08:22

"Sa as hast alle jûnen wienen de frou en ik in eintsje om. It hinget fan de foarm fan de dei ôf hoefier't we dogge, mar we besykje eins ús deistige loopke net oer te slaan. Sa ek dizze kear. Healwei ha we faak eins al wer skjin ús nocht, mar we sette troch. Goed foar de rêch, knibbels en wit ik wat net mear. As je thús komme, ha je der in goed gefoel oer dat je it dien ha.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

We seagen har yn de fierte al rinnen. Rûngear efter in rollator. It gie net hurd, mar de frou wie yn elts gefal noch mobyl. Datsoarte gedachten sjitte je troch de holle as je sa'n minske skarreljen sjogge. Wy hellen har yn en seine har de tiid fan de dei. Se groete werom en seach nei it ferskil yn tempo. 'Sa stapte ik eartiids ek,' sei se krekt hurd genôch sadat wy it hearre koenen. Oft dat har bedoeling wie, wit ik net. Wy stoppen en ik rûn nei har ta. 'Jo ha de Rolls Royce by jo?' frege ik, doelend op har rollator.

'Ja, oars kom ik de doar net mear út,' sei se. 'Sûnder dat ding kin ik net mear rinne. En der komt ek net ien oan de doar yn dizze rare tiid, dus besykje ik dochs noch mar even om in eintsje te stappen. Mar ik gean no werom.' Se kearde de rollator. It rekke my, want se wie dúdlik út op in praatsje, mar skamme har suver dat se der wyldfrjemden foar oanspruts. Wylst dat eins hiel dapper is.

'Moai dat jo der sa noch even út komme kinne. Sille we ôfprate dat we moarn om deselde tiid hjir wer delrinne en dat jo der dan ek wer binne?' frege ik. 'No, dat wit ik net, hear,' lake se en sette de stap der yn, achter har Rolls Royce. Myn frou seach har nei en skodholle. 'It is tryst,' sei se.

De tiid dêr't we yn libje soarget oar grutte sosjale iensumens. Myn mem is noch sa mobyl as wat, mar der binne in soad oaren. Even sa'n praatsje op de dyk kin minsken krekt wer in lyts triuwke yn de rêch jaan. Op twitter kaam stomtafallich in berjocht fan de gemeente It Hearrenfean foarby dat oer de oanpak fan iensumens by 65plussers giet. Dêr is nij belied op makke, dat op fiif pylders stipet en de kommende acht jier foarm krije moat. De gemeente heakket hjirmei oan by in lanlik programma Een Tegen Eenzaamheid

Ik sitearje even wat dy fiif pylders ynhâlde: bestuurlijk commitment, creëer een sterk netwerk, betrek mensen en eenzamen zelf, werk aan duurzaam aanpakken en monitoring en evaluatie.

Begryp my goed, ik gean foar 100% út fan alle goede bedoelings achter dit nije belied. It is ek tige nedich. Mar acht jier is in hiel skoft. Foarearst hoopje ik der stikem op dat we dy frou mei har Rolls Royce-rollator ynkoarten wer omskarreljen sjogge, want dy kin neffens my gjin acht jier mear wachtsje."

(advertinsje)
(advertinsje)