Ramp mei MSC Zoe yn it lyts neidien yn Den Helder

16 maaie 2020 - 22:45

De ramp mei de MSC Zoe is fan'e wike nochris oerdien, mar dan wol yn it lyts. Yn Den Helder om krekt te wêzen. Dêr siket Wageningen Marine Research yn 'e mande mei it Koninklijk Instituut voor Onderzoek der Zee op Teksel út wat de gefolgen fan de ramp binne foar it miljeu.

Ramp mei MSC Zoe yn it lyts neidien yn Den Helder

Yn grutte bakken hat Wageningen Marine Research it seemiljeu neimakke. En alles is safolle mooglik op deselde wize ynrjochte mei allerhanne seelibben. En dêr yn binne ferskillende dosearringen fan krekt deselde lytse plestik kerrels yn struid as dy't der op de strannen fan de Waadeilannen bedarre binne.

Acht wiken yn in seebak

En dan is it ôfwachtsjen, seit Edwin Foekema fan Wageningen Marine Research: "Ze blijven acht weken in de bakken. En in de tussentijd doen we regelmatig metingen om te kijken hoe het systeem reageert. Na acht weken worden ze helemaal leeggehaald. En dan verzamelen alle beesten die er in zitten. Dat zijn wormen, garnalen, schelpen, mosselen, kokkels en zeepieren. Dan bekijken we wat het effect is en bij welke concentratie van deeltjes we dan nog effecten vinden die schadelijk zijn voor het milieu. Als we dat weten kunnen we in relatie met de modelberekeningen die het NIOZ maakt over de verspreiding van de korrels uitzoeken wat zo'n beetje het effect is geweest van de Zoe-ramp."

Wat binne de effekten?

Foekema hat wol in idee hokfoar in effekten dat wêze kinne by hiele hege konsintraasjes kerrels: "Dan zou je in ieder geval kunnen verwachten dat mosselen moeite krijgen om hun voedsel te verzamelen als die met heel veel van die zwevende korreltjes worden geconfronteerd, want die filteren algen uit het water. Ook het plankton dat rondzwemt in het systeem kan er last van krijgen en daardoor kan het hele systeem veranderen. Die korreltjes zelf zullen ook aangegroeid raken met algen en dingen. We verwachten dat ze uiteindelijk allemaal op de bodem terechtkomen en dat ze worden opgegeten door zeepieren en door andere wormpjes die in de bodem zitten. Wat dat voor effecten heeft, weet ik niet. Misschien wel niets en wordt het gewoon als een zandkorrel opgegeten en uitgepoept. Maar misschien vinden wel heftigere effecten."

De proeflokaasje yn Den Helder - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Fansels binne der folle gruttere stikken plestik en oare ladingrestanten yn see bedarre. Mar mei de plestik kerrels sjogge je relatyf gau wat al dat plestik krekt docht. En dat is wichtich as je as oerheid in ferantwurdlikens hawwe om goed op dat seemiljeu te passen.

Ferslachjouwer Remco de Vries

(Advertinsje)
(Advertinsje)