Drûchte yn Fryslân giet nei rekôrhichte

16 maaie 2020 - 07:56

Wurdt 2020 it drûchste jier út de skiednis? Dy fraach komt nei boppen no't it KNMI yn in grafyk toant dat it delslachtekoart op dit stuit grutter is as yn it drûchterekôrjier 1976. Wy fregen waarman Piet Paulusma en ekolooch Nico Minnema hoe't it neffens harren op it stuit sa drûch wêze kin.

Piet Paulusma sjocht de oarsaak fan de drûchte benammen yn de kombinaasje fan in soad ferdamping troch in soad sinne-oeren mei kâlde, drûge wyn en yn ferhâlding mar in bytsje delslach yn it groeiseizoen.

Neffens de waarman wie it dit jier eins hielendal net sa drûch. Yn de earste moannen fan 2020 is krekt in hiel soad wetter fallen. As je it oer de hiele perioade oant ein maaie besjogge, hâlde wy sels 35 milimeter oerskot yn ferlyk mei it trochsneed.

Foto: KNMI

Oft it de kommende jierren ek drûger wurde sil, doart Piet net te sizzen. "Takom jier kinne wy wol wer in tige wiete maitiid hawwe. De trend is dat de buien mear en fûler wurde, mar ek perioaden mei drûchte en waarmte." De trend is dus neffens Paulusma dat it waar mear út ekstremen bestean sil.

Piet Paulusma:

Nico Minnema (64) út Earnewâld is ekologysk adviseur. Yn syn fyzje kinne we drûge perioaden better opfange as dat it no bart. Dat hat te krijen mei wetterbehear, mar ek mei oars buorkjen. Neffens Minnema wurdt der fierstente gau wetter fuortpompt by wiet waar.

De opslachkapasiteit is te krap, mar it behear is ek te min rjochte op it wiet hâlden fan de grûn. Der binne neffens him genôch boeren dy't dêr graach fierder mei wolle, mar dy rinne neffens de ekologysk adviseur ek by it wetterskip tsjin muorren oan.

"Pak it op, der binne sinjalen genôch, der binne boeren genôch dy't der mei oan de gong wolle, gas derop".

Nico Minnema:

Earder makken we in reportaazje oer Wetterskip Fryslân, oer de nije oanpak fan drûchte:

(advertinsje)
(advertinsje)