Sintrale toiletfoarsjenningen meie wer iepen, dûsen noch net

15 maaie 2020 - 22:00

De sintrale sanitêre gebouwen op jachthavens, campings en fakânsjeparken yn Fryslân meie wer iepen. Dat meldt de ûndernimmersorganisaasje foar bedriuwen yn de wettersport en rekreaasje, HISWA-RECRON. De Veiligheidsregio Fryslân jout dêrmei gehoar oan de oprop fan dy organisaasje.

Camping Kooi op Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De iepening jildt allinnich foar de toiletfoarsjenningen en net foar de waskhokken en de dûsen, dy't dus noch tichtbliuwe moatte. De mooglikheid om hannen te waskjen is der fansels wol.

"Voor de bedrijven in Friesland is dit goed nieuws. We blijven natuurlijk contact houden met alle veiligheidsregio's om aan te tonen dat er wel degelijk mogelijkheden zijn om veilig sanitaire faciliteiten aan te bieden", sa seit Geert Dijks, direkteur fan HISWA-RECRON.

(advertinsje)
(advertinsje)