Fytsersbûn wol nij belied om it fytsen yn coronatiid feilich te hâlden

It fytsersbûn wol nij belied om it fytsen yn coronatiid feilich te hâlden. Dat seit Kees Mourits fan it Fytsersbûn. Neffens it bûn is der no net genôch romte foar fytsers. "Er zijn legio maatregelen te noemen", seit Mourits.
© Google Street View
"Veel fietspaden zijn wat smal, te smal. Je kan erover nadenken om die onverplicht te maken, dat zijn wel meer fietspaden. Dan kunnen snellere fietsers, denk aan speed pedelecs en racefietsers, de mogelijkheid krijgen om op de rijbaan te fietsen. Dat moet dan wel in samenhang met een verlaging van de snelheid op de rijbaan", seit Mourits.
Neffens Mourits kinne je bygelyks ek twa-rjochtings-fytspaden omsette nei ien-rjochtings-paden, as der oan de oare kant fan de dyk bygelyks ek al in fytspaad is.

Urgint

In feroaring fan it fytsbelied is neffens Mourits no tige urgint, omdat minder minsken mei it iepenbier ferfier reizgje troch it coronafirus. "Hoe ga je al die verplaatsingen opvangen? Niemand wil dat dat allemaal autoverplaatsingen worden, dus dan is de fiets een uitstekend alternatief. Deze week hoorden we Rutte zelf nog zeggen in de persconferentie dat kinderen wel tot 15 kilometer kunnen fietsen. Dat is een krachtig en machtig statement, maar daar moet je wel het een en ander voor gaan doen."
It nije fytsbelied leit no by it ministearje, mar úteinlik gean de gemeenten deroer. Mourits hopet dan ek dat it ministearje yn petear sil mei de gemeenten, en dan moat der foaral sjoen wurde nei Amsterdam en Rotterdam. "Mooi voorbeeld is Amsterdam . Het hele centrum wordt daar dertig kilometer per uur en de fietsers mogen op de rijbaan. Als dat in dit soort steden kan, dan moet dat ook zeker in de kleinere gemeenten en steden kunnen", sa seit Mourits.
Kees Mourits fan it Fytsersbûn oer it nije belied