Opskuor yn Tsjerkwert: âlde bom blykt spiker te wêzen

15 maaie 2020 - 20:38

Magneetfiskers yn Tsjerkwert ha freedtemiddei foar flink wat opskuor soarge. De jongeren hellen in foarwerp út it wetter wêrfan't se fermoedens hienen dat it om in bom út de Twadde Wrâldoarloch gie. De brêgewachter belle hjirop de plysje, dy't it foarwerp ek net goed thúsbringe koe. Eksplosive-eksperts fan Definsje út Den Helder kamen úteinlik ta de konklúzje dat it om in spiker gie.

De eksperts fan Definsje by it foarwerp - Foto: www.tsjerkwert.nl

De spesjalisten kamen twa oere nei de fynst te plak yn Tsjerkwert. Yntusken hie al in grutte groep jongerein him sammele by it foarwerp.

Nei't de manlju koart nei it foarwerp seagen en der in pear hurde klappen mei in hammer op jûn hienen, wie de konklúzje helder: it wie in âlde ruste spiker. Nei in pear minuten koenen de manlju dus wer werom nei Den Helder.

(advertinsje)
(advertinsje)