Ek lytsere pontsjes sette wer útein: wol mei maksimaal fjouwer man de kear

In soad lytsere pontsjes yn Fryslân sette dizze moanne wer útein. Wettergemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân lit de kuier- en fytspontsjes fan 20 maaie ôf wer yn de feart. Wol binne der ferskate coronamaatregels troffen.
It pontsje oer de Skarster Rien fan De Jouwer nei Boarnsweach © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Gemeente De Fryske Marren seit it de kommende dagen yn te regeljen mei de pontskippers. Sa moat de normale tsjinstregeling wer fearn wurde kinne mei it himelfeartswykein. Op de lytse pontsjes is plak foar maksimaal fjouwer persoanen. Dat sil mei spesjale fakken oanjûn wurde, sa't der 1,5 meter ôfstân hâlden wurde kin. Ek yn de wachtrige op 'e wâl moat 1,5 meter ôfstân hâlden wurde. De gemeente skriuwt dat passazjiers ek op in feilige wize betelje kinne.
Ek yn Súdwest-Fryslân is de simmertsjinstregeling wer fan krêft op 20 maaie. Ek hjir jildt: 1,5 meter ôfstân en maksimaal fjouwer persoanen. Gemeente Smellingerlân hat witte litten dat fan moandei ôf it pontsje De Grietman wer begjint, dat sân dagen yn de wike oer de Wide Ie-Grietmansrak.
Ek op gruttere ponten jilde coronamaatregels, lykas dy noardlik fan Langwar © Omrop Fryslân, Sian Wierda