Pianist Wim te Groen spilet Ostinato live online foar beteljend publyk

Wim te Groen fan Eksmoarre is pianist én IT'er. Dat is hjoed-de-dei in handige kombinaasje, want op in troch himsels boud platfoarm kinne leafhawwers út hiel Europa kaartsjes keapje foar de optredens dy't er thús yn syn spesjaal ynrjochte studio online fersoarget. Op woansdei 20 maaie stiet de ferneamde Canto Ostinato fan Simeon ten Holt op de wurklist.
Pianist Wim te Groen
Canto Ostinato is in meditatyf pianostik fan mar leafst oardel oere, wêrby't it publyk gauris lizzen giet om der fan te genietsjen.
"Ik denk dat veel mensen in deze tijden van crisis wel een beetje Canto Ostinato kunnen gebruiken", seit Te Groen. "Het is voor mij een manier om in deze tijd toch te kunnen optreden en voor het publiek een manier om live muziek te kunnen meemaken."

Nijsgjirrich alternatyf

Te Groen is de earste dy't it tajout dat in konsert thús bywenje achter de laptop net itselde is as yn de konsertseal. Mar salang de sealen ticht binne, is it wol in nijsgjirrich alternatyf mei ekstra mooglikheden. "In de chatbox kan het publiek direct op het concert reageren. Dat is heel leuk. Bovendien kan ik zien of de mensen ook klappen na afloop." Te Groen hat boppedat in stikmannich keunstners útnûge om ûnder de muzyk te tekenjen en dy keunstwurken mei de muzyk te dielen.
Njonken de Canto Ostinato spilet Te Groen in stikmannich wurken - ek eigen wurken - dy't er omskriuwt as balfolk, muzyk dêr't op folksdûnse wurde kin. Leafhawwers dogge dat graach en kinne, as se dat wolle, ek bylden diele mei oaren dy't it konsert folgje. "Ik vind dat zelf hartstikke leuk om te zien. Het is zo toch een manier om met elkaar een concert te beleven."
Pianist Wim te Groen thús achter de fleugel © Omrop Fryslân

Pear hûndert sjoggers

De coronakrisis kaam Te Groen, lykas in hiel soad útfierende artysten, bot oer it mad. Syn earste CD wie krekt klear én hy hie ek in earste eigen komposysje útbrocht op blêdmuzyk. It doel wie om in hiel soad op te treden om beide saken te promoatsjen. De realiteit is dat Te Groen amper de doar mear útkomt. Hy sjocht dat in soad artysten online optrede, om mar yn de 'picture' te bliuwen, en dêrby it publyk freegje om in frijwillige bydrage. Te Groen fynt dat te frijbliuwend.
Op de webside dy't er makke foar de ferkeap fan de cd kin in publyk no ek kaartsjes keapje om syn konserten live online by te wenjen. Wa't betelle hat krijt yn it foar de geheime link tastjoerd dêr't it konsert besjoen en beharkje wurde kin. It lêste konsert dat Te Groen sa joech waard troch in pear hûndert leafhawwers út hiel Europa wei besjoen.