Grutte ljip stellen by kantoar BFVW yn Wiuwert: oranjekoeke foar gouden tip

It symboal fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW), in grutte ljip, is stellen út de tún fan it kantoar. It bûn freget op sosjale media om help en seit de persoan dy't de gouden tip jout in oranjekoeke ta.
Kantoor BFVW mei rjochts de ljip © Twitter: @Fransjank
"Iemand dacht meer recht op de Ljip te hebben dan wij, hij is dan ook gestolen en wij missen ons symbool erg", skriuwt foarsitter Frans Kloosterman op Twitter.
De ljip is op syn minst al in wike fuort. It bûn giet út fan meardere dieders. De fûgel soe foar ien persoan net te tillen wêze.