Organisaasje neamt online konferinsje Vonketon in sukses

15 maaie 2020 - 19:21

De organisaasje fan de online konferinsje Vonketon neamt it evenemint in sukses. De Vonketon is tongersdei en freed hâlden en luts 180 dielnimmers foaral út de trije noardlike provinsjes. Freed waard de konferinsje ôfsletten mei de presintaasje fan de plannen dy't de ôfrûne dagen betocht binne.

Vonketon is opset om mei konkrete plannen te kommen foar in duorsume wrâld nei de coronakrisis. De dielnimmers praten hjir online twa dagen oer en moasten harren plan freed yn in filmke ynleverje. Foar in part slagge dat. Mar ferskate dielnimmers hellen de deadline foar it filmke net. Sy ljochten harren plannen yn in live stream op YouTube ta oan it publyk.

De dielnimmers makken harren plannen oan de hân fan de 17 sosjale ûntwikkelingsdoelen fan de Feriene Naasjes. In tal foarbylden dêrfan binne om de honger de wrâld út te helpen, de wrâld te foarsjen fan duorsume enerzjy en ûnderwiis foar elkenien. De dielnimmers moasten dit útwurkje foar de noardlike regio, de Blue Delta neamd, en as it kin fierder útrôlje nei in folle grutter gebiet.

Genderskiif fan fiif

Konkrete ideeën dy't freed al bekend waarden binne in app foar minsken dy't mei it klimaat oan de slach wolle en dêr help by sykje, in simmerskoalle foar âlden dy't net in soad ûnderwiis hân hawwe om harren bern better helpe te kinnen by it learen en in genderskiif fan fiif weroan bedriuwen toetste kinne oft harren wurknimmmersbestân wol ferskaat genôch is.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer die mei oan Vonketon

Alle filmkes en plannen wurde takom moandei presintearre op in livestream en bepraat troch in panel fan deskundigen. De bedoeling is dat in tal plannen ek echt útwurke wurde en yn de praktyk brocht.

Ek in Vonketon foar bern

In soad dielnimmers fûnen de online konferinsje wol in útdaging omdat se mei alderhande apps en platfoarms online wurkje moasten dêr't se noch nea fan heard hiene. Mar se joegen ek oan dat se troch der mei oan de slach te gean in soad leard hawwe en folle mear online kinne as se tochten. Dwaan blykt dêrby it 'toverwurd'. Dan falt it bêst ta.

De organisaasje tinkt dat der yn de takomst wol mear fan dit soarte fan online konferinsjes hâlden wurde kinne. It earste idee hjirfoar is it opsetten fan in Vonketon foar bern. Wannear't dizze plak fine moat is noch net bekend.

Gerrit de Boer en Wini Weidenaar oer Vonketon

(advertinsje)
(advertinsje)