Omrop TIP: It Eurovisie Songfestival ‘Mei Douwe’ en Arno Brok

17 maaie 2020 - 09:00

It Eurovisie Songfestival soe dizze wike yn Rotterdam wêze. De stêd en de leafhawwers wiene der al hielendal klear foar, mar spitigernôch koe ek dit evenemint net trochgean. Spesjaal foar alle leafhawwers is der snein in Eurovisie Songfestival-edysje fan it radioprogramma 'Mei Douwe', mei as gast kommissaris fan de Kening Arno Brok.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Presintator Douwe Heeringa en kommissaris fan de Kening Arno Brok nimme de harkers mei op in reis troch de tiid en sjogge werom op ferskate edysjes fan it Eurovisie Songfestival. Sa komme de klassikers foarby, de moaiste nûmers ea makke en ek anekdoaten. Brok is in grut kenner en leafhawwer fan it Eurovisie Songfestival en fynt dit dan ek in moai alternatyf no't it festival sels net trochgean kin.

It Eurovisie Songfestival troch de jierren hinne, is op snein 17 maaie fan 9.00 oant 11.00 oere op de radio te beharkjen fia 92.2 FM, en is dêrnei ek online te finen op Omropfryslan.nl

(advertinsje)
(advertinsje)