Frysk trio jier langer by FC Twente, komst Casparij makket kwartet

15 maaie 2020 - 17:46

De trije Fryske fuotbalsters by FC Twente bliuwe in jier langer by harren klup. De kontrakten fan Sisca Folkertsma, Lysanne van der Wal en Fenna Kalma binne mei in jier ferlinge. Der komt boppedat noch in Friezinne by: Kerstin Casparij makket de oerstap fan de froulju fan SC Hearrenfean nei Twente. Se hat foar twa seizoenen tekene.

Foto: Orange Pictures

De kontrakten fan Kalma en Van der Wal waarden al earder ferlinge troch de klup út Enschede. Dizze wike kaam dêr ek dy fan Folkertsma by.

De froulju fan FC Twente einigen it ôfrûne jier as tredde yn de earedifyzje. Spits Kalma gie dêryn troch mei wêr't se in jier earder by SC Hearrenfean einige wie: doelpunten meitsje. Folkertsma ûntbruts in part fan it seizoen troch in knibbelblessuere, datselde jilde foar Van der Wal. Yn it lêste part fan it seizoen diene beide froulju wol wer mei.

(Advertinsje)
(Advertinsje)