Noardlike gemeenten krije rezjy yn wenningbou: ek kompensaasje Sintrale As

15 maaie 2020 - 17:16

De gemeenten Dantumadiel, Noardeast-Fryslân, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel krije de kommende 10 jier mear te sizzen oer de wenningbou yn harren gebieten. It giet om in eksperimint fan de provinsje. In betingst is wol dat eltse gemeente in eigen wenningbouprogramma opstelt. Ek hat de provinsje in akkoart berikt mei Dantumadiel en Tytsjerksteradiel oer it tal wenten dat tasein is as kompensaasje foar de Sintrale As.

Foto: Provinsje Fryslân

Oant 2025 krije de gemeenten dus mear foech om yn te springen op fraach en oanbod. Yn de doarpskearnen krije de gemeenten sels de rezjy oer it oantal wenten. Bûten de doarpskearnen mei der allinne boud wurde as it binnen de doarpen net mear mooglik is en der wol ferlet fan nijbou is. Elk jier sil de fuortgong fan de proef evaluearre wurde.

Dêrnjonken is der dus oerienstimming oer de ekstra wenten as kompensaasje foar it oanlizzen fan de Sintrale As. Yn Dantumadiel meie der 115 wenten boud wurde en yn Tytsjerksteradiel 150 wenten. Dat moat foar 2030 barre. Earder binne der yn Dantumadiel al 35 wenten boud dy't ek part binne fan de kompensaasje.

(advertinsje)
(advertinsje)