PODCAST: 'De kegeljende rjochters'

15 maaie 2020 - 17:01

De grize giet dy oer de grouwe fan dizze spannende ferhalen. 'Bonkerak' is in rige fan tweintich folksferhalen dy't bewurke binne ta harkspullen. Alle wiken in nij folksferhaal út Fryslân of dêrbûten. Yn dizze sechtjinde Bonkerak kinst harkje nei it ferhaal 'De kegeljende rjochters'.

Oflevering 17: De kegeljende rjochters

Earne yn in doarp yn Fryslân heart in koster middernacht lûden út de tsjerke kommen. Hy kin de lûden earst net thúsbringe, mar as er goed harket mient er dat it kegellûden binne. Hielendal oerémis draaft er nei it hûs fan de dûmny om de dûmny op te heljen. As se tegearre troch in rútsje yn de tsjerke loere, sjogge se dat der wol 12 manlju yn swarte klean oan it kegeljen binne.... mei deadskoppen en minskebonken! Klokslach 1 oere binne de manlju ferdwûn..... Mar de oare nacht by ljochtmoanne binne se der wer. Dit nuvere spul moat fansels ophâlde, mar hoe?

Bonkerak is in podcastsearje fan Omrop Fryslân. Folksferhalen dy't spylje yn Fryslân, Skotlân, Ierlân, Frankryk en Amearika, binne bewurke ta harkspullen. It binne allegear folksferhalen mei in wat tsjuster laachje: spannend, mysterieus en horroreftich. Tweintich wiken lang komt der alle freeds in nije útstjoering online op de webside fan Omrop Fryslân, yn dyn podcast-app en op Spotify.

Sjoch foar mear ynformaasje en alle oare ôfleveringen fan Bonkerak op omropfryslan.nl/bonkerak.

(advertinsje)
(advertinsje)