Sporters fan de Wike: follybalsters Hester en Marrit Jasper

15 maaie 2020 - 16:47

It is nochal rêstich yn de sportwrâld. Sa ek yn de Dútske follybal Bundesliga. Dochs hawwe de suskes Jasper wol nijs. Se follybalje folgjend jier beide foar in nije klup. Hester Jasper makket in toptransfer nei Stuttgart. Marrit Jasper sil nei fjouwer jier Dútslân ferlitte.

Marrit Jasper is no fjouwer jier dwaande yn Dútslân. Earst by Suhl, dêrnei yn Dresden en de lêste twa jier yn Aken. "Ik ken deze competitie nu wel. Het is tijd voor een andere uitdaging." Marrit kin lykwols noch net fertelle hokker klup. "Die afspraak ligt er met mijn nieuwe club. Ik kan wel zeggen dat ik Duitsland verlaat. En dat het een niveau hoger is."

Jasper foel krekt foar it Olympysk kwalifikaasjetoernoai ôf by it Nederlânske team. Nederlân pleatse him net foar de Spelen, mar Marrit hopet wol dat se aanst wer selektearre wurdt. "Het is even afwachten wat voor wedstrijden er komen. De Spelen zijn natuurlijk een jaar uitgesteld. De vraag is dan ook wat andere internationals gaan doen, wat het eerstvolgende belangrijke toernooi wordt. Het WK in 2022 is in Nederland. Daar wil ik natuurlijk wel graag bij zijn."

Personalia

  • Marrit Jasper
  • Berne yn: Snits
  • Leeftyd: 24
  • Lingte: 180 cm
  • Posysje: passer/loper

Klups:

  • 2020-2021: ?
  • 2018-2020: Ladies in Black Aachen
  • 2017-2018: Dresdner SC
  • 2016-2017: VFB Suhl
  • 2011-2016: VC Snits

Prizen:

  • 2014: Beker yn Nederlân en Super Cup
  • 2015: Nederlânsk Kampioen en Super Cup
  • 2016: Nederlânsk Kampioen
  • 2017: Sulver op it EK mei Nederlân

Hester Jasper kin wol fertelle wêr't se folgjend jier spilet. Se ferhuzet fan VFB Suhl nei Allianz MTV Stuttgart. Dy ploech waard foarich seizoen kampioen en stie twadde doe't it seizoen stillein waard. In toptransfer foar de noch mar 19-jierrige Hester. "Ja, zo zie ik dat ook. Het is een grote stap. Als jezelf bij Suhl speelt, dan kijk je tegen Stuttgart op."

De fraach is yn sa'n topteam altyd wol hoefolle tiid se kriget. "De kans bij zo'n topteam dat je gaat spelen, is wel kleiner. Maar als je zo'n uitdaging krijgt, dan is dat alleen maar mooi. Ik ben nog jong. Als ik niet veel speel, leer ik hoe dan ook nog veel van mijn ploeggenoten."

Personalia

  • Hester Jasper
  • Berne yn: Snits
  • Leeftyd: 19
  • Lingte: 175 cm
  • Posysje: Passer/loper

Klups:

  • 2020-2021: Allianz MTV Stuttgart
  • 2019-2020: VFB Suhl
  • 2015-2019: VC Snits

Prizen:

  • 2015: Super Cup
  • 2016: Nederlânsk Kampioen
  • 2017: Beker yn Nederlân
(advertinsje)
(advertinsje)