Camping Terpstra op Skylge dit jier net iepen foar jongerein

15 maaie 2020 - 16:42

Camping Terpstra yn Midslân op Skylge is dit simmerseizoen net tagonklik foar jongeren. Gewoanwei is it in jongerecamping, mar eigener Roxanne Lamain hat fanwege de coronakrisis besletten om dit jier allinne húshâldingen en steltsjes ta te litten. "Het grootste probleem is dat iedereen uit een ander gezin komt, dat bij elkaar in een tent kan niet", seit Lamain.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Lamain tinkt dat it foar jongeren dreech wurdt om op de camping oardel meter ôfstân te hâlden. Boppedat binne de kroegen en de diskoteken op Skylge fan 't simmer net normaal iepen en dus is der foar de jongerein folle minder te rêden as oars. "Wat gaat er dan gebeuren? Gaan ze dan naar het bos, het strand of de duinen en wil je die overlast veroorzaken in de natuur? Dat kan niet", fynt Lamain.

Jild werom

Jongeren dy't al reservearre hiene foar dizze simmer, krije harren jild werom. "We willen geen vouchers doen. Dat vinden we voor de jeugd gewoon niet redelijk, want volgend jaar zijn de groepen misschien anders. De kinderen gaan naar andere scholen, dus de vriendensamenstelling verandert. Dan vind ik wel dat iedereen z'n geld terug moet hebben", seit Lamain.

Húshâldingen en steltsjes

De camping giet wol iepen foar húshâldingen en steltsjes. "We zetten ongeveer 95 tenten op, zodat iedereen genoeg ruimte heeft. Normaal zitten we rond de 200 tenten, dus dat scheelt wel even. Iedereen krijgt echt ruimte en een stukje voor de tent. Zo proberen we het in te richten", sa seit Lamain.

Roxanna Lamain oer it beslút fan Camping Terpstra

(advertinsje)
(advertinsje)