Smellingerlân siket wethâlders foar sakekolleezje

15 maaie 2020 - 16:34

In eksterne seleksjekommisje sil foar de gemeente Smellingerlân op syk nei in groep nije wethâlders. De gemeente sit al in skoft yn in bestjoerskrisis.

Gemeentehûs Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân

De ôfrûne twa jier stapten fjouwer wethâlders op, ûnder oare omdat it gearwurkjen mei de gemeenteried problematysk ferrint. Dêrom is besletten dat Smellingerlân de kommende riedsperioade fierder giet mei in sakekolleezje. De gemeente siket minsken dy't ferstân fan bestjoeren ha en ek fan dossiers as it sosjaal domein en gemeentefinânsjes.

Seleksjekommisje

De gemeenteried hat in profylskets makke foar de nije wethâlders. Dêrmei giet de seleksjekommisje no oan de slach. Yn dy kommisje sitte ek minsken mei romme bestjoerlike ûnderfining, lykas âld-steatelid en wethâlder fan Boarnsterhim Marian Jager en âld-dykgraaf Paul van Erkelens.

(advertinsje)
(advertinsje)