Fiskûndersyk lit ek sjen dat hjerring dwaande is mei comeback yn de Waadsee

15 maaie 2020 - 15:50

Foar it twadde jier op rige hat Steatsboskbehear dwaande west mei it yn kaart bringen fan de fiskstân yn it eastlike part fan de Waadsee. It docht bliken dat de hjerring dêr dwaande is mei in 'comeback'.

Waadsee - Foto: Shutterstock.com (Wunigard)

Dêr wie al langer tinken fan in weromkommen, mar by Skiermûntseach liket it wier wer goed te gean mei de fisk. De fiskers dy't mei in fûke warber binne foar it ûndersyk, hawwe ferrassend folle folwoeksen hjerringen fongen.

Swimway

De fisk waard fongen troch de bemanning fan fiskerijkoöperaasje Vissers van de Kust. Dêrfoar binne der twa skerms by in sânplaat pleatst. De bisten wurde ek metten en woegen. De kommende tiid folgje der noch ferskate mjitmominten.

De fûke heart by it projekt Swimway, dat ûnder oare troch de Ryksoerheid betelle wurdt binnen it projekt Life-IP Deltanatuur. Mei de gegevens kin it Waadgebiet better beheard wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)