Redersferiening ken him net werom yn rapport oer kontenertransport op see

De Koninklijke Vereniging van Nederlandse Reders ken himsels werom net yn it rapport fan de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) oer de feilichheid fan it kontenertransport op see. Dat rapport kaam tongersdei nei bûten, neidat Omrop Fryslân en RTV Noord dêr in WOB-proseduere oer oanspand hiene.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De feriening fan reders giet der fanút dat yn it ûndersyk benammen grutte kontenerskippen besjoen binne. Dy farre faak net ûnder Nederlânske flagge, sa seit de feriening.

Ofhinklik fan ferladers

De KVNR seit ek dat rederijen en bemanningen by it laden fan de konteners útgeane fan de gegevens dy't se krije fan de ferladers, as it giet om it gewicht fan de konteners en hoe't dy krekt ynladen binne. As dêr wat mei misgiet, kinne reders dêr net safolle oan dwaan.
Njonken dat wiist de feriening derop dat it risiko dat konteners wier yn see terjochte komme, tige lyts is; 0,0004 persint. As der wat misgiet, kinne de gefolgen wol grut wêze, sa jout de KVNR ta.
Partijen yn de Twadde Keamer binne 'hoogst verbaasd' dat rederijen it noch altyd net te nau nimme mei de feilichheidsmaatregels foar grutte kontenerskippen.