Boargemaster Buma slút hûs oan de Reijndersbuurt yn Ljouwert

Boargemaster Buma fan Ljouwert hat freed in hûs oan de Reijndersbuurt yn de stêd foar trije moanne slute litten. De plysje hie dêr earder in himpkwekerij mei 245 planten oprôle.
© Pixabay
De boargemaster fan in gemeente hat by grutte kwekerijen it foech om in wenning te sluten. De gemeente wol sa oerlêst troch drugskriminaliteit tsjingean. It is it tolfde hûs yn Ljouwert dat dit jier sletten wurdt.