HEA! Havenmasters yn it túch

15 maaie 2020 - 14:34

Corona soarget der net allinne foar dat minsken thúswurkje, mar ek dat guon minsken hiel oar wurk dogge. De havenmasters Esther Kloosterman en Bea Westerdyk fan Earnewâld ha op it stuit net folle wurk yn de haven te dwaan. En dêrom wurde se ynset op it grienûnderhâld yn de gemeente. Skoffeljen is lykwols net harren deistich wurk.

(advertinsje)
(advertinsje)