Nije oanhâlding yn ynternasjonale drugssaak, oare fertochten langer fest

15 maaie 2020 - 14:17

De minsken dy't oanholden binne yn ferbân mei in grutte ynternasjonale drugssaak, bliuwe langer fêstsitten. Dat hat de rjochtbank Noard-Nederlân besletten. Der is ek noch in nije fertochte oanholden: in man fan 46 jier út Ljouwert. Yn totaal sitte der no njoggen fertochten fêst.

Bylden fan de ynfal yn Noardburgum, begjin maart:

Yn de saak waarden begjin maart sân minsken oanholden yn Noard-Nederlân. Der waarden santjin ynfallen dien, ûnder oare yn Ljouwert, Harns, Noardburgum en Westergeast. Guon fertochten binne lid fan yllegale motorklups. In Finske fertochte wurdt derfan fertocht dat er belutsen wie by de útfier fan 86 kilo speed, wytwaskjen en dat er lid wie fan in kriminele organisaasje.

De oanhâldingen folgen nei't de plysje hûndert kilo oan de harddrug amfetamine ûnderskept hat. Dy partij hat in strjitwearde fan 700.000 euro yn Finlân. De amfetamine wie ûnderweis nei Finlân en waard foar de grins mei Dútslân ûnderskept. Justysje hie by it ûndersyk in kriminele boargerynfiltrant ynset.

De earste pro-formasitting is op 12 juny yn Ljouwert. Mear oanhâldingen yn de saak wurde net útsletten.

(advertinsje)
(advertinsje)