Nije sporthal Burgum foar op skema, healweis septimber oplevere

15 maaie 2020 - 14:09

It begjint sa stadichoan foarm te krijen: De Nije Westermar. De nije sportakkommodaasje fan Burgum wurdt boud yn stee fan de ôfbrânde sporthal Westermar. De bou fan de hal leit foar op skema, sa seit wethâlder Gelbrig Hoekstra. It opleverjen fan de hal kin no al healweis septimber plakfine, wylst earder noch 1 oktober as datum oanhâlden waard.

It folsleine sportpark It Koningslân kriget in metamorfoaze. Sa komt it haadfjild fan de nije fúzjeklup FC Burgum efter De Nije Westermar te lizzen en wurdt ek de ûntsluting oars. Besikers fan it kompleks ferlitte de fjilden wer fia de Elingsloane en net mear troch de Boargemaster Bothenius Lohmanleane.

De spilers fan de earste seleksje fan FC Burgum wisten tongersdei net wat se seagen, sa seit foarsitter Dirk van der Woude. "Sy hiene de bou fan de nije sporthal fanwege de coronakrisis fansels al hiel lang net sjoen."

Foarderingen

De foarsitter fan FC Burgum is wiis mei de foarderingen. De hal stiet der al, de kantine kriget al foarm en no wurdt it mitselwurk dien. "It begjint der aardich op te lykjen, se binne al in moai ein op streek. Nettsjinsteande alle coronamaatregels rôlet takom seizoen op it nije fjild de bal wer."

Bou fan de Nije Westermar - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Ek de gemeente Tytsjerksteradiel is der wiis mei dat de bou fan De Nije Westermar foarm kriget. "Elkenien waard fansels oerfallen troch dy grutte brân wêrby't de âlde Westermar ferlern gie. Mar der wie doe al in groep boargers dwaande mei it idee om de âlde hal te renovearjen", fertelt wethâlder Gelbrig Hoekstra.

Alle saken kamen dêrnei byinoar. In boargerinisjatyf seach nei de nije situaasje, twa fuotbalklups dy't fusearren en binnen twa jier gie de earste peal de grûn yn.

De muorren fan de Nije Westermar wurde mitsele - Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

Allinnich de útskobere tribune foar yn de sporthal dy't út Ingelân komme moat, hat fertraging by de levering troch it coronafirus. "Dêr kinne wy earst ek noch wol efkes sûnder, dus fierder leit alles foar op skema", seit wethâlder Hoekstra.

De eardere fuotbalklups BCV en Burgum leine beide 800.000 euro yn foar de bou fan de sporthal. FC Burgum sil de eksploitaasje foar har rekken nimme. Dêrfoar wurdt in nije stichting oprjochte, seit foarsitter Van der Woude.

As De Nije Westermar klear is foar gebrûk, kinne alle binnensportferieningen gebrûk meitsje fan de akkommodaasje. FC Burgum bliuwt lykwols ferantwurdlik foar de kantine. "Dat wurdt net in echte fuotbalkantine, mar mear in moetingsplak foar alle minsken út it doarp", seit Van der Woude.

(advertinsje)
(advertinsje)