Freedsmerk optimistysk oer takomst: "It komt altyd wer syn poatsjes terjochte"

15 maaie 2020 - 14:05

Der is in soad optimisme oer de takomst op de Ljouwerter freedsmerk. Al wiene it de negative ferwachtings en sombere CBS-sifers dy't it nijs bepaalden, de freedsmerkbesikers hiene folop fertrouwen. "It komt altyd wer syn poatsjes terjochte."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

En: "Je ha in eigen ferantwurdlikheid om der wat te meitsjen, doch dat ek!" Fansels wie der begryp foar groepen dy't it swier foar de kiezzen krije: "As je no gjin wurk ha, dan ha jo it dreech hear!" Mar, stelde in oar: "We mutte nyt jengele, we hewwe alles wat oans hartsje begeart. Ons ouders hew it feul swaarder hat, na de oarloch."

In oar spruts fan in lottering: "Ien kear yn de safolle tiid bart der wat, wêrtroch't alles oars wurdt. In soarte fan korreksje. Dizze pandemy kin dy funksje ek ha. Dan hâlde je der wat posityfs oan oer.'

Ferslachjouwer René Koster wie op de freedsmerk

(advertinsje)
(advertinsje)