NIOD sil ûndersyk dwaan nei oarlochsferline âld-boargemaster De Lemmer
Al jierren wurdt der oer praat: de namme fan it Boargemaster Krijgerplein op De Lemmer. Yn it ferline binne der meardere kearen inisjativen ûndernommen om de namme fan de eardere boargemaster Marinus Krijger fan it plein te heljen. De yn de jierren '50 by in ferkearsûngelok yn it Lemster sintrum ferstoarne boargemaster soe yn de oarloch 'ferwytber hannele' ha.
Dochs is doedestiids besletten om it plein nei de boargemaster te ferneamen. De tsjinstân is no lykwols te grut wurden: in petysje om de namme te feroarjen is al hûnderten kearen ûndertekene.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente De Fryske Marren wol it NIOD, it Nederlands Instituut voor Oorlogsdocumentatie, dêrom ûndersyk dwaan litte nei it ferline fan Krijger. "Oant no ta hiene we it basearre op eigen ûndersyk en der komme no ek hieltyd nije saken nei foaren. Dat wie foar ús oanlieding om ris nei in saakkundige te gean om alle saken op in rige te setten", leit wethâlder Roel de Jong út.
Arrestaasje ûnderdûkers
Krijger waard derfan fertocht dat hy yn de Twadde Wrâldoarloch belutsen west hat by de arrestaasje fan seis Joadske ûnderdûkers yn Ychtenbrêge. "Der binne fia sosjale media nije saken nei boppen kaam dêr't wy net fan witte hoe't dy destiids meinommen binne yn dy ôfwaging en hoe't dat krekt sitten hat. Dêr wolle wy no graach in echt feite-ûndersyk nei hawwe."
Mar hoe kin it dat dy ferhalen no pas foar it ljocht komme? "Dizze boargemaster is yn funksje kaam nei't er feroardield wie en hy is ek noch opnij beneamd", neffens De Jong. "Der ha earder ûndersiken west. De feiten dy't dêrby nei boppe kaam binne, wiene, foar safier by ús bekend, ek de feiten dêr't doe op basearre is om dy namme wol te jaan."
Nei dy krekte feiten sil no dus yngreven ûndersyk dien wurde. "Wy freegje it NIOD goed te sjen nei wat de achtergrûn is en op hokker wize dat earder in rol spile hat. As wy dat op in rige hawwe, kinne we der in beslút oer nimme. It is foar in hiel soad minsken in hiel gefoelich en ferfelend ûnderwerp om lang yn 'e loft hingje te litten. Mar soarchfâldigens stiet foarop."