Dei nei de útspraak oer Cambuur: "Dit sil ik altyd meidrage"

15 maaie 2020 - 12:38

In dei nei de útspraak yn it koart pleit dat Sportklup Cambuur en De Graafschap tsjin de KNVB oanspand hiene, is de klap yn Ljouwert noch goed te fernimmen. Cambuur promovearret net nei de earedifyzje, nettsjinsteande de riante kopposysje fan de klup foardat de coronakrisis útbruts. Neffens de rjochter hat de KNVB de proseduere goed folge; dêrmei stean de Ljouwerters no mei lege hannen.

Besjoch hjirûnder de reportaazje:

By trainer Henk de Jong oerhearsket nei tongersdeitejûn it gefoel fan djippe teloarstelling. Sels hat hy net meisjoen nei de útspraak fan de rjochter. "Ik bin op 'e fyts stapt justerjûn, op 'e mountainbike", fertelt De Jong. "Ik hie al in bytsje troch wat der barre soe. Yn 'e bosk fan Beetstersweach sei in man tsjin my: "jammer net fan Cambuur". Doe wist ik genôch."

"De knop om"

En dat wylst Cambuur de kopposysje foar de coronakrisis stevich yn hannen hie. "It sportive ferliest fan de regels", beklammet hy. "Dit sil ik altyd mei my meidrage, mar ik ha wol sein: no giet de knop om. Je kinne der yn hingjen bliuwe, mar dan binne je wer wiken fierder. Wy moatte no de skouders derûnder sette. En op nei folgjend seizoen."

Besjoch hjirûnder de reaksje fan trainer Henk de Jong en middenfjilder Jamie Jacobs:

Ek Jamie Jacobs, de middenfjilder dy't sûnt ferline jier by Cambuur spilet, moat de klap de kommende wiken noch ferwurkjen. "Ik had er al wel enigszins rekening mee gehouden", seit Jacobs. "Voor de uitspraak zag ik het al somber in. Het voelde meer als een loterij. Maar als je het dan echt hoort, dat is gewoon klote."

Het voelde meer als een loterij.

Middenfjilder Jamie Jacobs (22)

Ek by syn teamgenoaten oerhearsket de teloarstelling. "Je voelt het wel aan de sfeer, en dat is ook niet gek. We hebben er een heel seizoen hard voor gevoetbald. As je dat dan niet beloond ziet worden, dan is dat wel balen."

Besjoch hjirûnder de reaksje fan technysk manager Foeke Booy:

Ferline jier oktober al begûn technysk manager Foeke Booy mei de earedifyzjeplannen fan Cambuur. "Al dat werk kan nu de prullenbak in", sa seit hy. "Heel veel spelers vallen nu af, omdat ze geen eredivisie gaan spelen. En de middelen zijn beperkter geworden, vanwege corona en het niet-promoveren. Het gaat dubbelop."

"Dikke nederlaag"

Booy tinkt dat hy wol efkes nedich hat om it gefoel fan ûnrjocht kwyt te reitsjen. "Het is een grote teleurstelling dat we de allerbelangrijkste wedstrijd hebben moeten spelen in de rechtbank. We hebben dit seizoen bijna alles gewonnen, maar nu hebben we een dikke nederlaag geleden."

(advertinsje)
(advertinsje)