GGD: 1 nij stjergefal, earste sûnt 2 maaie

Der is de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân ien nij stjergefal as gefolch fan it coronafirus meld by de GGD Fryslân. It is foar it earst sûnt 2 maaie dat der ien yn Fryslân oan it firus stjert. It totale tal stjergefallen yn Fryslân leit no op 64. Fierder binne der freed twa nije positive tests bykaam.
GGD Fryslân © GGD Fryslân
Yn de Fryske ferpleechhûzen giet it nei omstannichheden goed. De ferpleechhûzen binne al sûnt heal maart ticht foar besite. Dizze wike mochten de earste ferpleechhûzen yn it lân wer foarsichtich iepen. Yn Fryslân wie dat it Talma Hûs yn Feanwâlden.
De maatregels yn de ferpleechhûzen lykje wol effekt te hawwen. Yn Fryslân is de ôfrûne wike mar ien bewenner posityf test op it coronafirus. "Je ziet wel dat de epidemie landelijk door de maatregelen afneemt, maar één is wel heel weinig. Dat is goed nieuws", seit Everhard Hofstra fan GGD Fryslân. Sawat elkenien mei klachten wurdt test, dus de kâns dat der mear binne mei it firus, is lyts. Ferline wike testen noch sân bewenners fan in ferpleechhûs posityf.
Earder teste de GGD allinnich kwetsbere minsken en soarchmeiwurkers. Dat is no útwreide: sporttrainers, kappers, masters en juffen, ensfh. kinne allegear test wurde. "Er is nog niet eens zo heel veel extra getest en daar kwamen ook niet heel veel positieve tests uit. Daar kan ik op dit moment nog niet zo veel over zeggen. Dat is volgende week duidelijker."

Azc Snits

Foarige wike waard dúdlik dat yn it azc fan Snits 28 bewenners posityf test binne op it firus. Sy binne mei har famylje nei in opfang yn Zoutkamp brocht. "Of het virus daar nu helemaal weg is, is moeilijk te zeggen. Het kan zijn dat mensen het nu wel onder de leden hebben, maar dat ze geen klachten hebben." Foardiel dêrby is neffens Hofstra dat dy minsken dan ek net sa besmetlik binne. De GGD hâldt dy groep skerp yn de gaten en sil útwreide teste.
No't de sifers mei it tal besmettingen en stjergefallen lange tiid leech binne, liket it miskien as is it firus hast fuort. Mar we moatte der wol om tinke, sizze de epidemiologen fan de GGD. Salang't der noch positive tests binne, is it firus der ek noch. Hofstra: "Je ziet dat de maatregelen goed hun werk doen, dus daar moeten we ons ook aan blijven houden."
Everhard Hofstra fan GGD Fryslân