Foar it earst yn 39 jier gjin Profronde Surhústerfean

De profronde fan Surhústerfean giet dit jier definityf net troch. Ek in nije datum yn septimber is fanwegen de coronakrisis neffens de organisaasje net helber. "Het is niet verantwoord om te organiseren", seit foarsitter Albert Helfrich.
Yn 2017 wie it Dumoulin dy't as earste oer de streep gie yn Surhústerfean © Omrop Fryslan
"Na de Tour de France komen meestal tienduizenden mensen op het evenement af en dat brengt te veel risico's met zich mee. Ook de gemeente zal geen vergunning verlenen", leit Helfrich út.
De Tour de France set neffens de oanpaste hurdfytskalinder fan it ynternasjonale hurdfytsbûn ein augustus útein. De 'fêste' datum dêr't Surhústerfean de profronde op organisearret is de earste tiisdei nei de Tour de France. Dat soe neffens de nije planning tiisdei 22 septimber wêze moatte.
Grutte eveneminten wurde op basis fan de rjochtlinen fan no dan lykwols noch net tastien. Helfrich: "Hoewel met pijn in het hart, hebben we er uiteraard begrip voor dat het evenement niet door kan gaan."

Foar it earst yn 39 jier net organisearre

It is foar it earst yn 39 jier dat de profronde fan Surhústerfean net organisearre wurdt. Kommend jier is it eksakt 40 jier lyn dat de earste profronde hâlden waard. "Aanleiding om een profkoers te organiseren was destijds de historische zege van Joop Zoetemelk in de Tour de France. We hopen in 2021 uiteraard groot uit te pakken. We hebben een traditie hoog te houden en zijn zelfs buiten Nederland de wielerwereld een begrip. Daar zijn we trots op."
Neist de profronde organisearret it hurdfytskomitee fan Surhústerfean ek elts jier de Pieter Weening Classic, in evenemint foar sportive fytsers. Dat evenemint giet mooglik ein septimber of begjin oktober wol troch. "Op basis van de huidige informatie lijkt het geen probleem om de PWC te organiseren. In overleg met de gemeente en de landelijke fietsbond hakken we hierover in juli de knoop door", seit Helfrich.