Nijbouprojekt 'De Toekomst' by Steggerda ôf; gemeente pakt omlizzend gebiet oan

15 maaie 2020 - 10:41

De bebouwing fan de eardere lokaasje fan it molkfabryk yn Steggerda is yn 2019 al ôfrûne, mar de iepenbiere romte is noch net klear. Dit komt de útstrieling fan de leefomjouwing net te'n goede en soarget foar oerlêst by bewenners. No't de gemeente Weststellingwerf de grûn sûnt koart yn besit hat, wol dy it gebiet sa rap mooglik feiliger en leefberder meitsje.

Foto: Gemeente Weststellingwerf

De gemeente wol derfoar soargje dat alle bewenners yn in feilige en noflike omjouwing komme. De gemeente koe net earder oan de slach mei it ôfwurkjen fan de iepenbiere romte omdat de grûn noch yn besit wie fan de projektûntwikkelder, dy't dêr kontraktueel ferantwurdlik foar is.

Yn 2019 is de projektûntwikkelder opheft sûnder it projekt ôf te meitsjen. De gemeente fûn dat de bewenners fan De Toekomst hjir net de dupe fan wêze mochten en hat de grûn dêrom oernaam, om it gebiet op te knappen.

Gemeente nimt kosten op him

Wethâlder Jack Jongbloed: "Wij ronden het project af en nemen voorlopig de kosten van de werkzaamheden voor onze rekening. In de gesprekken met de bewoners werd ons gevraagd de werkzaamheden zo snel mogelijk uit te voeren, het liefst voor de bouwvakvakantie. We zijn heel blij daar nu invulling aan te kunnen geven."

In oannimmer set kommende wike útein mei de wurksumens by De Toekomst. Der wurdt in oansluting makke fan de strjitte De Toekomst op de Vaartwei. Dêrneist komt der in fuotgongerspaad mei parkearfakken. De wurksumheden sille sa'n trije wiken duorje.

(advertinsje)
(advertinsje)