Helte fan âlden hat no mear wurdearring foar leararen

De measte âlden yn Fryslân binne posityf oer it thúsûnderwiis fan har bern. Trijekwart jout oan dat it thús lesjaan se goed ôfgiet en mear as de helte hat no mear wurdearring foar dosinten as earst. Dat blykt út in enkête fan ûndersyksburo De Swart ûnder âlden mei bern op Fryske basisskoallen.
© Omrop Fryslân
De measte âlden sizze dat se de lesstof goed genôch behearskje om har bern te begelieden. 15 persint seit sels dat se yn de takomst noch hieltyd wol thúsûnderwiis jaan wolle. "Dit is opvallend, aangezien de maatschappij geheel is ingericht op onderwijs binnen de muren van de school", seit Erik de Swart, ien fan de ûndersikers.
Skoallen en de oerheid sprekke har soargen wolris út dat bern yn it basisûnderwiis efterstân oprinne troch de thúslessen, mar twatredde fan de âlden hat dy soargen net, jouwe se yn de enkête oan. Alden dy't troch de coronakrisis thús wiene, ha minder soargen as âlden dy't bûten hûs wurken.
De âlden binne ek tefreden oer hoe't skoallen it thúsûnderwiis oppakt ha. Se jouwe de skoallen dêr in 8,1 foar. De dosinten krije in 8,0.