Kollum: "Kompleettinker"

"Der is in hieltyd fûlere striid geande tusken de saneamde komplotgekkies en minsken dy't dêr neat fan witte wolle. Mar elts kritysk berjocht as filmke dat dield wurdt op social media oer bygelyks de oerheid, Bill Gates, 5G of in faksin foar it coronafirus, wurdt as in komplotteory bestimpele en dat giet my te fier. Ik tink dat ik wol op 'e hichte bin fan de measte saneamde komplotteoryen mar soks wol net sizze dat ik alles leau.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
Dat leden fan de Illuminati reptilen yn in minsklike fermomming binne, mei Queen Elizabeth as opperhaad en Paul McCartney de echte Paul net is wol der by my mar min yn. It binne miskien wol spannende ferhalen, mar soks ferstean ik ûnder in komplotteory. Mar ast kritysk bist oer bygelyks in faksin tsjin corona dan bist ek al in komplottinker, wylst it foar my wichtich is om goed oer sokke dingen nei te tinken, foardat ik eat yn myn liif spuitsje lit.
As it faksin goed testen is en dizze foarm fan it firus echt tsjinhâldt dan helje ik miskien wol sa'n prip, mar op dit momint ha ik sterk myn twivels. Salang't dit firus der is, is der foar my ien ding dúdlik, nammentlik dat der eins neat dúdlik is. Der binne ek ferskate filmkes fan dokters dy't oanjouwe in protte fraachtekens te hawwen oangeande de behanneling fan it firus en in mooglike faksinaasje, mar ek dat wurdt bestimpele as in komplotteory en de filmkes wurde gauris ferwidere.
Sokke ideeën soene gefaarlik wêze mar in faksinaasje dy't mei gong op 'e merk brocht wurdt, is dat net? En as in oar foar my bepale sil dat ik dêr net kritysk oer wêze mei dan wurdt myn wjerstân allinnich mar grutter. Persoanlik ferwachtsje ik op dit momint net dat se in faksin ferplichtsje sille, as it der komt mar kinst wierskynlik hast nearne mear hinne ast net ien krigen hast.
Dan bist yn beide gefallen oerlevere, want ast it net dochst, sjocht in oar dy mei de nekke oan en bist op in hiel soad plakken net mear wolkom. Ast it al dochst dan moatst mar ôfwachtsje oft it feilich is en echt helpt. En ik soe ek witte wolle oft de makkers fan it faksin oanspraaklik steld wurde kinne yn it gefal fan eventuele bywurkings, dus ik hoopje dat se ús sa earlik mooglik foarljochtsje en op 'e hichte hâlde.
De farmaseutyske yndustry docht nammentlik net allinnich mar goede dingen. Der sneuvelje regelmjittich minsken troch medyske missers en flaters dy't makke wurde mei medisinen, dus ik ha net blynseach fertrouwen yn alles wat de wite jassen sizze. Mar it wurdt hieltyd dreger om in beslút te nimmen op basis fan dyn eigen gefoel, benammen as dat ôfwykt fan wat de regearing of de saakkundigen sizze. En as dy net iens echt witte oft dit firus ferspraat wurde kin fia de post, hoe sille se dan mei goed fatsoen in effektyf faksin op 'e merk bringe, freegje ik my dan ôf mei myn boereferstân?
Ik fyn mysels mear in kompleettinker as in komplottinker, omdat ik graach in sa'n kompleet mooglik byld foar eagen ha wol foardat ik in wichtich beslút nim. Mar dat slagget hieltyd minder yn in maatskippij dy't de eigen wil ûnderhearrich makket oan regels oangeande in frjemd en ûnsichtber firus dat ús al skoften yn 'e besnijing hâldt.
Wat spitigernôch al sichtber is, is dat de fijannichheid nei minsken mei krityske lûden mei de dei grutter wurdt en dat makket my hiel ûngerêst. Wy ha krekt 75 jier frijheid fierd mar mei de frijheid fan mieningsutering wurdt it hurd minder."