Oerol komt mei 'tinkbyldich eilân' as alternatyf foar it festival

In tinkbyldich eilân, dat is Oerol dit jier. It festival giet net troch yn de gebrûklike foarm, mar de organisaasje hat yn koarte tiid in alternatyf online festival betocht. Der wurdt fiif dagen lang, fan 15 oant en mei 19 juny livestreamd fan Skylge ôf. Sa kinne live foarstellingen en events online besjoen wurde, en der is mear.
Oerol komt mei 'tinkbyldich eilân' as alternatyf foar it festival
"We hopen op deze manier het eilandgevoel over te brengen", leit algemien direkteur fan Oerol Siart Smit út. "Dat kan vanuit huis of vanuit de duinpan." Eltse dei is der in oar tema, lykas it bouwen oan de takomst, klimaat en de krêft fan keunst.
Ek kinne de digitale besikers oan Oerol eltse dei wer in oar pop-up lânskipskeunstwurk sjen fan Marc van Vliet. "Naast de interactieve voorstellingen en live events zijn er ook doorlopende activiteiten on demand", ferfolget Smit. Dat betsjut net de hiele tiid achter in skerm sitte, besikers wurde ek oan it wurk set mei opdrachten.

'Het Imaginaire Eiland'

De besiker kin de eigen dei yndiele op it spesjaal ûntwurpen digitale platfoarm Het Imaginaire Eiland. De ôfsluting fan dizze bysûndere fariant fan Oerol is in Zoomdisco oan it strân. Yn prinsipe is it digitale festival fergees, mar de organisaasje freget wol in frijwillige bijdrage. "Mensen kunnen een fanbandje kopen", seit Smit.
Lykas elts jier is ek Opium TV op Skylge. Ek al giet Oerol net troch yn de oarspronklike foarm, se meitsje wol útstjoeringen fan it eilân ôf mei ferskate makkers en keunstners lykas Typhoon, Paulien Cornelisse en Jeangu Macrooy.
Oerol-direkteur Siart Smit
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy