Gemeentehuzen Menameradiel offisjeel ferkocht

15 maaie 2020 - 07:08

De twa eardere gemeentehûzen oan de Dyksterbuorren yn Menaam wurde offisjeel ferkocht. It gemeentekantoar oan de Dyksterbuorren 16 komt yn hannen fan de KwadrantGroep, it riedhûs oan de Dyksterbuorren 33 wurdt kocht troch de famylje Jonker, dat in bedriuw hat.

It eardere riedhûs oan de Dyksterbuorren 33 - Foto: Google Streetview

Earder waard al bekend dat de KwadrantGroep soarchapparteminten meitsje woe yn it eardere gemeentekantoar. Foardat dat safier is, ferbout de nije eigener it gebou noch.

En no is der ek in keaper foar it riedhûs. De famylje Jonker hat in kommunikaasjebedriuw. Nei't se it pân yn hannen krije, begjin july is de bedoeling, wurdt it gebou brûkt om yn te wenjen en yn te wurkjen.

Waadhoeke

De gemeente Menameradiel bestie oant 1 jannewaris 2018. Dêrnei gie it mei de gemeenten Frjentsjerteradiel, It Bilt en in part fan Littenseradiel op yn de nije gemeente Waadhoeke. It gemeentehûs dêrfan stiet yn Frjentsjer.

(advertinsje)
(advertinsje)