Jongerein op syk nei in takomst mei help fan 'Zoek het uit'

15 maaie 2020 - 06:27

"Nieuwe dingen leren die ik anders niet had geleerd." Dat is wat de 18-jierrige Amber Mertens fan Hurdegaryp oerhâldt oan har dielname oan it trajekt Maatschappelijke Diensttijd (MDT) 'Zoek het Uit'. It is in inisjatyf fan de gemeenten Waadhoeke, Noardeast-Fryslân en Dantumadiel om jongelju dy't in tuskenjier hawwe, útfallen binne op skoalle of wurk sykje ûnderfining opdwaan te litten. Dat kin by oerheden of frijwilligersynstânsjes, mar ek by bedriuwen.

Amber Mertens, Gerben Wiersma en Wietske de Koe - Foto: Omrop Fryslan

Mertens is sa'n jongere dy't ophâlden is mei har oplieding. It wie krekt net wat se socht. Doe't se thús siet kaam se mei help fan in 'overstapcoach' fan de gemeente yn 'e kunde mei dit projekt. "Ik was aan het bedenken wat ik wilde doen met mijn leven. Wat wil ik nou? Welke opleiding wil ik gaan doen? Dit was voor mij wel een mooie opstap om daar goed over na te gaan denken."

Ek foar bedriuwen nijsgjirrich

Wietske de Koe is projektlieder by MDT: "As je meidogge bin je 24 oeren yn de wike, seis moannen lang dwaande mei in groep en jongereincoaches om te eksperimintearjen, te ûntdekken, nije minsken te moetsjen en karren te meitsjen foar de takomst."

It is neffens De Koe in moaie wize om út te finen wêr't je talinten lizze. Ek foar bedriuwen kin it neffens har nijsgjirrich wêze. Undernimmers en organisaasjes kinne op dizze wize jong talint oan har bine, oan harren bedriuw en fakgebiet. Troch it coronafirus is de wurkwize wol feroare. De earste groep is begûn oan it begjin fan it coronafirus.

De twadde is krekt úteinset en hat no in oanpast programma. It programma is oant de simmerfakânsje hielendal oars. It kontakt fynt online plak, se hawwe twa kear yn de wike in gearkomste troch te fideobeljen. Ek de workshops binne online.

Frijút sneupe

Wethâlder Gerben Wiersma fan de gemeente Dantumadiel sjocht de mearwearde fan dit soarte fan trajekten: "It giet net allinnich om jild fertsjinjen. Mar de jongelju sjogge ek wat der mear spilet yn har omjouwing. Tink dan bygelyks oan frijwilligerswurk. It moaie is dat se hjir leare hoe't se har talint ynsette kinne foar de mienskip." Wiersma, dy't ien fan de inisjatyfnimmers is, sjocht it leafst dat alle jongelju oan sa'n trajekt meidogge: "Ja, want je kinne frijút sneupe oan alles wat der is."

Foar Amber Mertens hat it al wat opsmiten. "Ik ben nu bezig met mijn toekomst. Met welke opleiding ik na de vakantie wil gaan beginnen. En wat nog leuker is dat ik dingen heb geleerd die ik anders nooit geleerd zou hebben."

Foar alle Fryske jeugd

It trajekt 'Zoek het uit' is ûnderdiel fan in lanlike proef. Op ferskate plakken yn it lân wurdt besjoen wat it bêste wurket. De measte fan dit soart maatskiplike tsjinsttiidtrajekten binne bûn oan gemeenten, mar dizze net, seit De Koe: "Jongerein út de hiele provinsje kin hjir oan meidwaan. Dat is wat it trajekt sa unyk makket."

Oan it trajekt dogge tal fan organisaasjes mei. Dat binne ûnder oare de gemeenten Dantumadiel, Noardeast-Fryslân, Waadhoeke, wolwêzensorganisaasjes Het Bolwerk Dokkum, De Skûle Frjentsjer, Timpaan Welzijn en ROC Friese Poort. Oanmelde foar de twadde groep kin noch oant en mei tiisdei 19 maaie troch te mailen nei zoekhetuit@mdt.frl

(advertinsje)
(advertinsje)