Coronanijs 15 maaie: Sintrale toiletfoarsjenningen meie wer iepen; trije Friezen op IC

15 maaie 2020 - 23:00

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus.

  • Der binne yn Fryslân 64 minsken ferstoarn oan it firus, en der binne 571 besmettingen fêststeld;
  • Al it nijs oer it firus is te finen yn ús coronadossier;
  • Sjoch op de kaart foar de aktuele situaasje yn dyn gemeente.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

23:00
Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan freed 15 maaie. Dit wie it wichtichste coronanijs:

  • Der binne yn Fryslân 64 minsken ferstoarn oan it firus, en der binne 571 besmettingen fêststeld;
  • Der lizze yn de Fryske sikehuzen noch trije minsken mei it coronafirus op de intensive care. Dêrneist lizze sechstjin pasjinten mei it firus op in gewoane ferpleechôfdieling;
  • De sintrale sanitêre gebouwen op jachthavens, campings en fakânsjeparken yn Fryslân meie wer iepen, mar dûsen noch net;
  • It tal coronapasjinten op de ic's yn Nederlân is mei 32 daald ta 378. Der lizze dêrneist noch 527 pasjinten mei in oare oandwaning op de IC, 30 mear as de foargeande dei.

Elkenien tank foar it folgjen!

22:02
Sintrale toiletfoarsjenningen meie wer iepen, dûsen noch net

De sintrale sanitêre gebouwen op jachthavens, campings en fakânsjeparken yn Fryslân meie wer iepen. Dat meldt de ûndernimmersorganisaasje foar bedriuwen yn de wettersport en rekreaasje HISWA-RECRON. De Veiligheidsregio Fryslân hat dêrmei gehoar jûn oan de oprop fan dy organisaasje.

Lês mear: Sintrale toiletfoarsjenningen meie wer iepen, dûsen noch net

21:31
'Oardel meter lit Fryske hoarekabedriuwen omfalle'

Der sille yn de Fryske hoareka in soad bedriuwen omfalle troch de coronakrisis. Dat seit Herman Schreuder, hoareka-ûndernimmer yn Ljouwert en foarsitter fan it saneamde hotel-oerlis yn de haadstêd, freedtejûn yn It Polytburo - Fryslân Moarn by Omrop Fryslân.

Besjoch de útstjoering hjir: 'Oardel meter lit Fryske hoarekabedriuwen omfalle'

21:26
Fytsersbûn wol nij belied

It fytsersbûn wol nij belied om it fytsen yn coronatiid feilich te hâlden. Dat seit Kees Mourits fan it Fytsersbûn. Neffens it bûn is der no net genôch romte foar fytsers. "Er zijn legio maatregelen te noemen", seit Mourits.

Lês mear: Fytsersbûn wol nij belied om it fytsen yn coronatiid feilich te hâlden

20:16
Nederlân ferlinget ynreisferbod oant 15 juny

Nederlân hat it ynreisferbod foar minsken fan bûten de EU ferlinge oant e' mei 15 juny. Allinnich foar needsaaklike reizen binne de grinzen iepen. Dat is om fersprieding fan it coronafirus foar te kommen.

De Europese Kommisje kundige de maatregel ferline wike al oan. It is de twadde kear dat it ynreisferbod ferlinge is. De Nederlânske grins gie ticht op 19 maart. In pear kategoryen binne dêrfan útsûndere lykas diplomaten, medysk personiel en frachtweinsjauffeurs.

20:05
Ek lytsere pontsjes sette wer útein

In soad lytsere pontsjes yn Fryslân sette dizze moanne wer útein. Wettergemeenten De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân lit de kuier- en fytspontsjes fan 20 maaie ôf wer yn de feart. Wol binne der ferskate coronamaatregels troffen.

Lês mear: Ek lytsere pontsjes sette wer útein: wol mei maksimaal fjouwer man de kear

20:02
Pianist Wim te Groen lit publyk betelje foar online konsert

Wim te Groen fan Eksmoarre is pianist én IT'er. Dat is hjoed-de-dei in handige kombinaasje, want op in troch himsels boud platfoarm kinne leafhawwers út hiel Europa kaartsjes keapje foar de optredens dy't er thús yn syn spesjaal ynrjochte studio online fersoarget. Op woansdei 20 maaie stiet de ferneamde Canto Ostinato fan Simeon ten Holt op de wurklist, in meditatyf pianostik fan mar leafst oardel oere, wêrby't it publyk gauris lizzen giet om der fan te genietsjen.

Lês mear: Pianist Wim te Groen lit publyk betelje foar it live online besjen fan de Canto Ostinato

Pianist Wim te Groen thús achter de fleugel - Foto: Omrop Fryslân
19:24
Organisaasje neamt online konferinsje Vonketon in sukses

De organisaasje fan de online konferinsje Vonketon neamt it evenemint in sukses. De Vonketon is tongersdei en freed hâlden en luts 180 dielnimmers foaral út de trije noardlike provinsjes. Freed waard de konferinsje ôfsletten mei de presintaasje fan de plannen dy't de ôfrûne dagen betocht binne.

Vonketon is opset om mei konkrete plannen te kommen foar in duorsume wrâld nei de coronakrisis. De dielnimmers praten hjir online twa dagen oer en moasten harren plan freed yn in filmke ynleverje. Foar in part slagge dat. Mar ferskate dielnimmers hellen de deadline foar it filmke net. Sy ljochten harren plannen yn in live stream op YouTube ta oan it publyk.

Lês mear: Organisaasje neamt online konferinsje Vonketon in sukses

17:34
Ek stipe foar lokale nijsblêden en - websides

It stipefûns fan 11 miljoen euro foar lokale kranten en omroppen wurdt ferromme. Trije doelgroepen dy't noch net yn oanmerking kamen foar de regeling fan mediaminister Slob kinne der no dochs in berop op dwaan.

It giet om lokale nijsblêden mei in abonnemintsmodel, lokale nijswebsides en hûs-oan-hûskranten dy't minder as ien kear yn de twa wiken ferskine. It Tijdelijk Steunfonds Lokale Informatievoorziening moat de lokale ynformaasjefoarsjenning op peil hâlde yn de coronakrisis.

Trefwurden: 
coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)