KNVB-direkteur Eric Gudde: "Ik heb een waardeloos en vervelend gevoel"

KNVB-direkteur Eric Gudde hat nettsjinsteande de oerwinning fan it fuotbalbûn yn de rjochtseal in 'waardeloos en vervelend gevoel' oerholden. Dat sei de bestjoerder nei ôfrin fan de útspraak fan it koart pleit dat SC Cambuur en De Graafschap oanspand hienen tsjin de KNVB. "Ik zie collega-directeuren hier lopen en ik kan me hun gevoelens voorstellen. Het is gewoon heel vervelend", seit Gudde.
Eric Gudde
Neffens de rjochter wie de KNVB berjochtige om dit beslút te nimmen, mar hie it beslút ek likegoed oarsom kinnen. Gudde leit dêrom noch mar ris út wêrom't it bûn ta dit beslút kaam is: "Ons standpunt is op het moment dat je een competitie niet onherroepelijk kan afmaken, omdat je nog acht wedstrijden te gaan hebt en er dus nog van alles kan gebeuren, je daar niet zulke zware afwegingen als promotie en degradatie aan kan hangen", seit Gudde.

Tweintich klups

De KNVB hie ek noch de opsje om yn it nije seizoen mei tweintich klups yn de earedifyzje te starten, mar neffens Gudde wie der foar dy opsje gjin draachflak. "Vier dagen van te voren zeiden 20 clubs in de eerste divisie: daar zijn we echt mordicus tegen. Dan is daar dus geen draagvlak voor. Ook in de eredivisie waren een aantal clubs niet voor", seit Gudde. Dy útspraak fan de KNVB-direkteur is opmerklik, mei it each op it feit dat der mar sechtjin klups yn de earste difyzje sitte en Cambuur en De Graafschap nei alle gedachten foar in earedifyzje mei tweintich klups wienen.
"Als vervolgens ook nog eens politie en burgemeesters zeggen dat het een onhaalbare situatie is, dan is er zo weinig draagvlak voor. Dan vind ik niet dat ik m'n verantwoordelijkheid moet nemen om zomaar iets tegen alle stemmingen in te doen", sa seit Gudde.
Hoe't it kin dat der ûnder klups yn de earste difyzje no wol draachflak liket te wêzen foar in earedifyzje mei tweintich klups, begrypt Gudde net. "Dat is op zich wel vreemd, dat dat binnen vier dagen verandert."