Kolleezje Smellingerlân wol in pilot mei bodycams foar de hanthavening

14 maaie 2020 - 21:01

It kolleezje fan Smellingerlân wol syn meiwurkers yn de hanthavening mear stypje. Dêrfoar sil der ûnder oare in pilot opset wurde mei saneamde bodycams. Ek soene de meiwurkers hânboeien hawwe moatte, lykas it foech om te fûillearjen as in persoan de ID-kaart net jaan wol.

Foto: Shutterstock.com (John Gomez)

Neffens it kolleezje hawwe de minsken fan de hanthavening ekstra middels nedich om harren taken út te fieren en om te soargjen foar de feiligens. It kolleezje skriuwt: "De maatschappij verandert. Recente gebeurtenissen laten zien dat zowel verbaal als fysiek geweld 'normaal' begint te worden. Het dragen en gebruiken van steekwapens wordt door de jeugd niet verafschuwd. De politie trekt zich steeds meer terug op haar kerntaken, daardoor krijgen de handhavers steeds meer taken, bevoegdheden en verantwoordelijkheden. Zij komen daarmee ook meer in contact met 'agressie', zowel verbaal als fysiek."

Minder eskalaasje

De kamera's moatte net allinne it gefoel fan feiligens fersterkje foar de boa, mar it moat der ek foar soargje dat situaasjes minder gau eskalearje. Yn oare gemeenten hat bliken dien dat konflikten mei boargers minder út 'e klauwen rinne as der bodycams yn it spul binne.

Foar de pilot mei de bodycams, hânboeien en it fûillearjen is in ekstern bedriuw frege om mei te wurkjen, dat is Bureau Veiligheid & Handhaving. De maatregels soene mear as 10.000 euro kostje moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)