Utspraak koart pleit: SC Cambuur promovearret net

14 maaie 2020 - 19:11

De rjochter yn Utrecht hat de KNVB tongersdeitejûn gelyk jûn yn it koart pleit dat Sportklup Cambuur en De Graafschap tsjin harren oanspand hiene. Dit betsjut dat beide fuotbalklups definityf net promovearje nei de earedifyzje. Neffens de rjochter hat de KNVB de proseduere goed folge.

It koart pleit wie oanspand troch beide klups om't se it net iens wiene mei it beslút fan de KNVB om dit jier gjin inkelde klup promovearje of degradearje te litten. Cambuur stie, tegearre mei De Graafschap, op it punt om te promovearjen nei de earedifyzje.

Neffens foarsjenningerjochter Hans Zuurmond hat de KNVB de proseduere goed folge. "De KNVB heeft met de rug tegen de muur een besluit moeten nemen", stelde de rjochter. "Ze moeten rekening houden met alle clubs. Er zijn altijd clubs die pech hebben. Het is heel zuur voor Cambuur en De Graafschap, maar dat is onvoldoende om het besluit terug te draaien."

Foto: ANP

Yn in spesjale stimronde fan alle profklups yn Nederlân like der sels in mearderheid te wêzen foar de promoasje fan beide klups. Mar om't de KNVB alle neutrale stimmen by de tsjinstanners optelde, wie der neffens harren gjin mearderheid. En dus waard it beslút naam om gjinien promovearje of degradearje te litten. Neffens de rjochter hat it fuotbalbûn ek dúdlik genôch west

It beslút fan de KNVB betsjut benammen dat beide klups finansjeel in klap krije. Cambuur hie stikem al rekken hâlden mei promoasje, om't se kwa punten fier boppe-oan stiene yn de Keuken Kampioen Divisie.

Cambuur en De Graafschap kinne noch yn heger berop gean. De beide dupearre klups kinne dêrnjonken ek eventueel noch besykje harren gelyk te heljen yn in bûtengewoane ledegearkomste fan de KNVB. Dêryn kinne de oare profklups dan harren miening jaan oer de promoasje en degradaasje fan de klups.

Sjoch hjirûnder nei de folsleine útspraak fan de rjochter:

(advertinsje)
(advertinsje)