LIVE: Utspraak koart pleit Cambuur tsjin de KNVB

14 maaie 2020 - 18:57

De rjochter yn Utrecht docht tongersdeitejûn om 19.00 oere útspraak yn it koart pleit dat SC Cambuur en De Graafschap tsjin de KNVB oanspand hawwe. De twa klups binne it der net mei iens dat se fanwegen de beëiniging fan de kompetysje net promovearje fan de earste difyzje nei de earedifyzje. De útspraak sil tusken de 45 en 60 minuten duorje, en is hjir live te folgjen. Om 20.00 oere hinne folgje dan ek de earste reaksjes op de útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)