De wol fan Buurfrou Durkje krijt in bysûndere bestimming

14 maaie 2020 - 18:14

Wol- en filtkeunstner Claudy Jongstra wol graach grûnstoffen tichtby hûs weihelje. Dêr set se op yn by de produksje fan har wurk. Tongersdei krige se wol oanbean fan skiep út de buert.

De skieppewol is it restprodukt fan tsiismakkerij Buurfrou Durkje yn Vegelinsoard. De skiep sels hâlde it gers op Ekopark De Wierde fan ôffalferwurker Omrin koart en soargje sa ek foar biodiversiteit.

Beide partijen hawwe de wol fan 24 skiep oan keunstner Claudy Jongstra oerlange. Se is der bliid mei. "We vinden het stimuleren van de biodiversiteit belangrijk door het regionaliseren van de productieprocessen in Friesland en upcycling in de kunst." Minsken moatte har bewust wurde fan de kwaliteitsprodukten yn de regio, fynt se. It is ek miljeufreonliker om produkten út de buert te brûken.

Foto: Omrop Fryslân

Jongstra sil de wol brûke foar har grutte keunstprojekt foar museum de Lakenhal yn Leiden. It sil ferwurke wurde ta in stik fan in meter as achttjin en it moat it lânskip útbyldzje. Dêrfoar wurdt de wol earst farve mei plantaardige grûnstoffen út de regio.

Blauwe farve

De gearwurking mei Buurfrou Durkje krijt noch in ferfolch. By de buorkerij sil wede, in plant út de koalfamylje, ferboud wurde om blauwe farve fan te meitsjen.

It projekt hat ek in edukative funksje. Studinten fan it Alfa-college yn Grins leare yn in ûnderwiisprogramma bygelyks hoe't je holistysk en sirkulêr wurkje kinne en hoe't bygelyks de bougrûn fan ynfloed is op de kwaliteit.

Jongstra tinkt dat de post-coronastudint en -konsumint alles folle tichterby sykje moat en dat moatte se leare.

(advertinsje)
(advertinsje)