Fernijing slûs en brêgen Koarnwertersân kin los: slûs moat uterlik yn 2028 klear wêze

14 maaie 2020 - 18:00

It fernijen fan de slûs en de bregen by Koarnwertersân kin úteinsette yn 2022. Provinsje Fryslân hat mei it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat in oerienkomst sletten. As Provinsjale Steaten it goedkarre, moat it beslút foar de simmer noch tekene wurde. It is de bedoeling dat de brêgen uterlik yn 2025 fergongen binne en de slûs moat yn 2028 klear wêze as de provinsje it finansierjen rûn hat.

De slûs fan Koarnwertersân is hjoed-de-dei foar in soad skippen te smel - Foto: Omrop Fryslân

Deputearre Avine Fokkens jout wol oan dat de finânsjes foar de slûs noch hieltyd in punt binne. "De financiering moet nog geregeld worden, dat is een voorbehoud dat er nog is. De marktpartijen willen nog steeds een bijdrage leveren voor de sluis. Het vraagt meer tijd om de financiën rond te krijgen. Wij hebben nu gezegd: daar wachten we niet langer uit en we beginnen vast met de bruggen. Zoals het nu lijkt gaat het in juni behandeld worden en daarna kunnen we een handtekening onder de overeenkomst zetten."

Merkbydrage

It is de bedoeling dat der regelingen troffen wurde foar it ynbarren fan in merkbydrage. Ien dêrfan is dat de bedriuwen dy't belang hawwe by de oanpak, betelje foar it passearjen fan de slûs. Dan giet it om skippen dy't oars net yn de slûs passe soene. Nei alle gedachten sil dy merkbydrage yn 12 oant 15 jier betelle wurde kinne.

De breedte fan de slûs moat fan 14 nei 25 meter gean. De lingte bliuwt itselde en troch de slûs moatte tenei skippen mei in djipgong fan 4.70 meter kinne. Yn stee fan de hjoeddeiske draaibrêgen yn de A7 komme der fjouwer saneame baskulebrêgen. Dat binne klapbrêgen mei in kontragewicht. De trochfariepeningen binne 21,5 en 25 meter.

Oanpak yn fazen

De oanpak sil yn fazen barre. Earst wurde de brêgen yn de A7 ferfongen, dat sil uterlik yn 2025 klear wêze. Tagelyk begjint ek it ferdjipjen fan de soalen yn de Iselmar, sa binne de havens fan ûnder oare Makkum en De Lemmer better te berikken foar grutte seeskippen. It sân dat frijkomt, sil brûkt wurde foar projekten by de Ofslútdyk, lykas de fiskmigraasjerivier.

It wurk sil troch de provinsje útfierd wurde, yn gearwurking mei Rykswettersteat as eigener fan de slûs en de brêgen. Deputearre Avine Fokkens jout oan der wiis mei te wêzen no einliks útein te setten.

Deputearre Avine Fokkens

(advertinsje)
(advertinsje)