Lilkens yn parlemint oer negearjen regels kontenerskippen

14 maaie 2020 - 17:00

Partijen yn de Twadde Keamer binne 'hoogst verbaasd' dat rederijen it noch altyd net te nau nimme mei de feilichheidsmaatregels foar grutte kontenerskippen. Se reagearje op berjochtjouwing dêroer fan Omrop Fryslân en RTV Noord.

Foto: Kustwacht Nederland

Sa seit de PvdA-fraksje 'zeer verontwaardigd' te wêzen dat der noch in soad mis is by de belading fan dizze skippen. Dat lit de partij witte yn fragen oan minister Cora van Nieuwenhuizen fan Infrastructuur en Waterstaat.

GroenLinks-keamerlid Suzanne Kröger hat der wol in ferklearring foar. "Er wordt heel weinig gecontroleerd. En als dat al het geval is, gaat het ook nog eens om aangekondigde acties. En dat weten de betrokken bedrijven ook."

Nei oanlieding fan de ramp mei de MSC Zoe hold de Inspectie Leefomgeving en Transport (ILT) goed in jier lyn in grutte kontrôle yn de haven fan Rotterdam. De resultaten dêrfan lieten hiel lang op harren wachtsje. Se binne no nei bûten kommen nei in berop fan beide omroppen op de Wet openbaarheid van Bestuur (Wob).

Oertrêdingen

Der waarden 67 kontenerskippen kontrolearre. Dat smiet 83 oertrêdingen op. It gie dêrby ûnder mear om stikkene of net goed fêstsittende twistlocks, wêrmei't de konteners mei-inoar ferbûn wurde. Ek wiene yn inkelde gefallen de gewichten net goed ferdield. Dat kin by min waar of oare net foarsjoene omstannichheden foar ekstra gefaar soargje.

GroenLinks wol dat no sa gau mooglik de regels oanskerpe wurde en dat der stranger hanthavene wurdt. "De sector is gigantisch gegroeid. Daar staat een pakket maatregelen tegenover uit een andere tijd. Dat past niet meer bij elkaar. Als het dan mis gaat, gaat het direct goed mis. Dat hebben we gezien met de MSC Zoe. Er moet nu echt snel actie worden ondernomen."

Hiel slim

PvdA-keamerlid Gijs van Dijk wol witte oft de minister it dermei iens is dat "het zeer ernstig is dat de rederijen ondanks de ramp met de MSC Zoe nog steeds veiligheid niet serieus genoeg nemen". En: "Is de minister het ook met ons eens dat dit duidelijk maakt dat de rederijen nog steeds economische belangen boven veiligheid stellen?"

Ek wiist hy derop dat de minister noch neat dien hat mei de moasje Jacobi fan jierren lyn. Dêryn waard oproppen dat Nederlân de lieding nimt om ynternasjonaal ta gelikense standerten te kommen foar it fêstsetten fan konteners. "Hoe kan het zo zijn dat er niets met de motie en aanbevelingen is gedaan?"

Net ynformearre

De keamerleden binne ek lilk dat sy net earder ynformearre binne oer de útkomsten fan de kontrôle. It is no nei bûten kaam fia in Wob-proseduere.

Kröger wiist derop dat de minister ferline wike noch in keamerbrief oer de neisleep skreau, wêryn't mei gjin wurd rept waard oer de útkomsten fan de kontrôle. "We worden keer op keer te laat of niet geïnformeerd. Ik vraag me af of we nu al wel op de hoogte waren gebracht als er geen Wob-procedure van de omroepen was geweest."

Yn stee fan in debat, is der tongersdei in saneamd skriftlik oerlis oer de neisleep fan de ramp. Dêrby kinne de partijen fragen stelle oan de minister. Dy komt dêrnei binnen in pear wiken mei har antwurden.

Keamerlid Gijs van Dijk fan de PvdA

(advertinsje)
(advertinsje)