Waadferiening: "Bettere kontrôles nedich yn Nederlânske havens"

14 maaie 2020 - 16:59

It Ryk moat soargje foar bettere kontrôles op kontenerskippen yn de Nederlânske havens. Dat seit de Waadferiening yn reaksje op in ûndersyksrapport fan de Inspectie Leefomgeving en Transport dat Omrop Fryslân yn hannen krigen hat.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Ut dat ûndersyk docht bliken dat by twa op de trije kontenerskippen mankeminten fûn binne. de Waadferiening neamt dat alarmearjende berjochten. De feriening fynt dat der mear tiid, jild en mankrêft komme moat foar kontrôles fan de feilichheidsaspekten fan skippen. En der moatte hegere boetes komme as rederijen har net hâlde oan de foarskriften.

De Inspectie Leefomgeving en Transport hat ferline jier in grutte kontrôle dien yn de haven fan Rotterdam, nei oanlieding fan de ramp mei de MSC Zoe. Dy ferlear ferline jier jannewaris boppe de waadeilannen hast fjouwerhûndert konteners.

Trefwurden: 
Waadferiening MSC Zoe
(advertinsje)
(advertinsje)