Finzenisstraf ûnder betingst foar Warkumer dy't út sliepkeamersrút springe woe

In 36-jierrige ynwenner fan Warkum dy't ferline jier augustus mei twa plysje-aginten focht, is tongersdei troch de rjochter feroardiele ta in finzenisstraf fan in moanne ûnder betingst.
Rjochter © Shutterstock.com
De aginten hellen de fertochte ferline jier fan hûs om't hy noch in finzenisstraf útsitte moast. De man seach dat net sitten en hie him ferstoppe op souder, mar waard dochs fûn. Hy fersette him bot, en besocht fia it sliepkeamersrút nei bûten te springen. Hy glide úteinlik mei ien fan de aginten fan de trep. Beide aginten rekken ferwûne by de aksje.
Der moast pepperspray ynset wurde om de Warkumer yn betwang te krijen.
Begjin ferline jier hie de man tegearre mei in stedsgenoat op It Soal in jildautomaat foar waskmasines iepenbrutsen. De Warkumer sei dat syn kompaan him hjirta twongen hie.