Grinslanners jouwe skytskoarjend stikje Skier oan Fryslân

14 maaie 2020 - 14:27

De gemeente Het Hogeland jout in stikje grûn werom oan Skiermûntseach. De ried stimde dêr woansdei mei yn, sa skriuwt RTV Noord.

Foto: RTV Noord

Gemeentebelangen yn Het Hogeland hie de grinskorreksje leaver net sjoen. "Mot dat nou? Wij vinden van niet. Het eiland loopt vanzelf onze gemeente binnen. Het is toch mooi als mensen straks kunnen vertoeven op een stuk strand wat dan bij Het Hogeland hoort", sa sei fraksjefoarsitter Roelf Torringa fan Gemeentebelangen.

De partij wol al langer dat Skiermûntseach nei Grinslân giet. De partij krijt dêrby stipe fan de VVD, en ek it CDA hat mingde gefoelens oer ôfstean fan de grûn. "De vlag van Schier heeft al de Groninger kleuren", seit Rudmer Veenwijk. Mar de partij fynt de grinskorreksje wol logysk, om't dan dúdlik is wa't ferantwurdlik is by in eventuele kalamiteit.

De grinskorreksje bart op fersyk fan Fryslân. Skier kuieret stadichoan de gemeente Het Hogeland binnen, trochdat der oan de eastkant fan it eilân sân oanspielt.

Oan de ein fan de diskusje stimden alle partijen lykwols gewoan yn mei de grinskorreksje, ek Gemeentebelangen. Al wie dat skytskoarjend.

(advertinsje)
(advertinsje)