Arrestaasjeteam docht swierbewapene ynfal yn wente oan it Ljouwerter Súdfliet

14 maaie 2020 - 13:37

In arrestaasjeteam hat tongersdeitemiddei in swierbewapene ynfal dien yn in appartemint oan it Súdfliet yn Ljouwert, nei in melding oer in man mei in fjoerwapen. Dêrby is ien persoan oanhâlden.

De plysje krige in melding dat der in man mei in wapen oer strjitte rinne soe en dêrnei de wente oan it Súdfliet yngie.

Aginten stiene om it gebou hinne om alles yn de gaten te hâlden yn ôfwachting fan it arrestaasjeteam. Nei't dat de wente mei de fertochte deryn binnengien wie, waard de fertochte al gau yn in plysje-auto ôffierd.

Yn de wente trof de plysje in wapen oan dat net fan echt te ûnderskieden wie. De plysje sil no ûndersykje oft it om in echt fjoerwapen giet.

Neffens de plysje giet it om in op himsels steand ynsidint.

Foto: Kappers Media
(advertinsje)
(advertinsje)