"Soad ûndúdlikens yn Ingelân oer coronamaatregels"

14 maaie 2020 - 13:08

Undúdlikheid, tsjinstridige berjochten en minsken dy't har net oan de maatregels hâlde. Ek yn it Feriene Keninkryk hawwe minsken it hieltyd swierder mei de coronamaatregels, sa fertelt Fries om utens Mona Smith-Kramer. Se wennet yn High Wycombe krekt bûten London.

Foto: ANP

Mona wurket gewoanwei as dosint oan in skoalle, mar se sit no thús. Wol drok oan it wurk, mar op ôfstân. Se kin mei har man en soan it coronafirus oant no ta gelokkich goed bûten de doar hâlde. "Wy gean net safolle nei winkels ta, myn man giet ien kear yn de tsien dagen nei in grutte supermerk", sa leit se út. "Wy kinne ús hjir bêst isolearje."

Dochs is dy trip nei de supermerk wol in útdaging. De man fan Mona docht sels in mûlkapke foar en hat mofkes oan, mar hy is suver de iennige dy't soksoarte fan maatregels nimt. Minsken binne wat laks mei de regels, sa seit Mona. Se bûgje bygelyks ek samar oer dy hinne yn de supermerk.

Minne kommunikaasje

De reden dat it net sa soepeltsjes rint, soe lizze kinne by de kommunikaasje fan it regear. Se binne net dúdlik genôch fynt Mona: "De nije slogan is Stay Alert, mar wêrfoar? Je kinne it firus net sjen!"

Ek binne de maatregels gjin echte regels, mar advizen. "Ik tink dat se dêr wol op weromkomme, want it kin sa net langer. Der komme brânkearnen sa." Bygelyks yn it iepenbier ferfier: der kamen de ôfrûne dagen bylden nei bûten fan folle dûbeldekkers en metro's yn de Britse haadstêd. Gjin ferrassing foar Mona: "Der ride lang safolle metro's net mear, en de measte minsken dy't yn London wenje hawwe gjin auto en dy moatte dus wol mei it iepenbier ferfier. Seker de minsken mei legere ynkommens kinne sawiesa gjin auto betelje, want je moatte tsien pûn deis betelje om London überhaupt yn te riden."

Oare lannen, oare regels

En dan binne der ek noch in soad ferskillen tusken de ferskate lannen yn it Keninkryk, want bygelyks yn Wales meie je net samar delkomme om te kuierjen, wylst dat yn Ingelân wol mei. Der leit dus noch wol in útdaging foar premier Johnson en syn kabinet.

(advertinsje)
(advertinsje)