City Train mei fan de gemeente Ljouwert net de dyk op

14 maaie 2020 - 12:45

Mei de City Train yn Ljouwert no wol of net de dyk op? Mei dy fraach wrakselet eigener Jelle de Visser. Hy wol fan sneon ôf graach wer op 'en paad mei de trein om minsken de binnenstêd fan Ljouwert sjen te litten. Hoewol't De Visser in soad maatregels naam hat om de trein coronaproof te meitsjen, mei dy fan de gemeente Ljouwert net ride.

De trein rydt yn it simmerseizoen, tusken april en oktober, yn de Ljouwerter binnenstêd om. It opfallende giel mei blauwe treintsje rydt dwerstroch it sintrum, lâns de Aldehou en komt by safolle mooglik Ryksmonuminten del.

De City Train is nei eigen sizzen hielendal coronaproof makke. Sa hinget der tusken de banken, om de passazjiers fan inoar te skieden, trochsichtich seil. Tusken de banken hinget ek pleksyglês.

Der meie minder minsken op ien bank sitte en minsken moatte de earkes foar de audiotoer mei nei hûs nimme. Beteljen wurdt kontaktleas dien en de banken, hânfetten en feilichheidskeatlings wurde nei in rit wer himmele.

Gemeente wol net om lyk

Dochs wol de gemeente Ljouwert neffens De Visser net om lyk: "Wy meie net de dyk op mei dizze maatregels." Dêrop liet er troch ien fan syn meiwurkers útsykje oft de gemeente it by de rjochte ein hat. "Ik heb contact gehad met de Rijksoverheid en die zegt dat we gewoon mensen weer mogen vervoeren in de trein", seit Daan Postma.

"We zijn geen bijeenkomst, de passagiers zitten gescheiden van elkaar en we hoeven zelfs niet het aantal rondritten de beperken. We mogen gewoon de weg op, zegt de Rijksoverheid."

(advertinsje)
(advertinsje)