Ynbrekker yn Ljouwert ferriedt himsels mei kroade

14 maaie 2020 - 11:58

In ynbrekker yn Ljouwert hat himsels ferret troch in spiksplinternije kroade yn in tún te parkearjen.

Foto: Plysje

De man wurdt derfan fertocht dat er op 10 maaie ynbrutsen hat by in winkel oan de Verlengde Schrans. Hy soe dêrby binnenkaam wêze fia de achterdoar op it platte dak. By de ynbraak is flink wat ark meinaam.

Nei de ynbraak kaam by de plysje in melding binnen dat yn in tún oan de Carel Fabritiusstrjitte in nagelnije kroade stean soe. Ut ûndersyk die bliken dat de 47-jierrige man út Ljouwert belutsen wie by de stellerij. Hy is oanhâlden en hat bekend.

Trefwurden: 
ynbrekker Ljouwert kroade
(advertinsje)
(advertinsje)